Mei dizze podcast "Fryske Fammen Yn Saken" wol ik Fryske sakefroulju graach in poadium jaan. Dêr kinst dyn ûndernimmersferhaal yn it Frysk fertelle. Want wat is der no moaier dan dyn ferhaal te fertellen yn de taal dy't dy sa nei leit: dyn memmetaal.
Interview mei Tjalina Nijholt, TV-redakteur en freelance ferslachjouwer
Kinst alles berikke ast der mar yn leauwst. Dit is dêr in prachtich foarbyld fan! Tjalina Nijholt is TV-redakteur by Editie NL fan RTL4 en freelance-ferslachjouwer. Tjalina fertelt oer har stap fan Fryslân nei de mediawrâld en hoe't se as famke fan trettjin jier út Blauhús sels de rezjy naam om har dream te ferfolgjen.
22 Aug 2020
Interview mei Tanja Nab fan Impact Academy
Fraachpetear mei Tanja Nab. Sy is hypnoterapeut en har bedriuw hjit Impact Training. Sy fersoarget hypnose-trainings/opliedings foar coaches en professionals dy't hypnose tapasse om harren klanten fierder op wei te helpen. Hjirby kinst bygelyks tinke oan it ôflearen fan bepaald gedrach dat liedt ta smoken of gewicht ferlieze/ôffalle, mar ek oan it fuortheljen fan blokkades dy't dy as ûndernimmer yn 'e wei sitte. Mar dat hypnose ek online te learen is? Dêr soe ik graach mear oer witte wolle. Bisto ek benijd? Harkje dan nei dizze podcast.
19 Jun 2020
Interview mei Johanneke Dijkstra, Filmmakker
Johanneke is filmmakker, skriuwer en docent. Mei de produksje "Doorgaan" (in koarte film oer de Ljouwerter bokstrainer Piet Rozendaal)kaam se op Het Noordelijk Filmfestival en mei Ritus op de reade loper fan Cannes. Johanneke fertelt werom út de comfortzone gean sa belangryk is om te groeien as persoan en yn dyn wurk.
6 May 2020
Ynterview mei Ymkje de Vries fan Kies Koers
Yn dizze episode praet ik mei Ymkje de Vries fan Kies Koers. Ymkje is senior capital coach en is opliede yn de Jungiaanse psychologie. Sy makket gebrûk fan NLP en systemische opstellingen. Sy leit út wat dit precies betsjut en wat dit docht foar dyn kommunikaasje. Fierder praet ik mei Ymkje oer har eigen koers en wat sichtber wêze foar har as ûndernimmer betsjut.
Contact Fryske Fammen Yn Saken
Guest appearances
Books guests
Based on episode analysis; this does not confirm that the show is currently accepting guests.
Host of Fryske Fammen Yn Saken?
Claim your podcast to manage its listing and keep your show details accurate.
Pod Engine is an independent podcast discovery and analytics service and is not affiliated with or endorsed by this podcast. Artwork and show content belong to their owners. Full legal notice.
Explore this show Podcast research with Pod Engine