Fiif persoanlike ferhalen fan minsken oer de impact fan corona. Se wurkje yn de soarch of binne sels siik wurden. Ha har neiste ferlern of biede treast oan âlderein dy't hielendal allinne kamen te sitten. Omrop Fryslân tekenet in seleksje fan de ferhalen op yn de podcastrige 'It firus en ik'.
Marcelle Mulder is adviseur geastlike soarch by soarchorganisaasje Patyna. Wat sizze je tsjin de iensume âldere, dy't oan it opknappen is fan in harsenblieding, hielendal gjin besite krije mei en sels it ferpleechhûs net út mei? Se freget har faak of oft it middel net slimmer is as de kwaal. Se fynt wurden fan treast foar de man en dat helpt har sels ek.
5 Nov 2020
It firus en Jelle Terwal
Jelle Terwal fan Donkerbroek hat prostaatkanker. Dat de behanneling midden yn de coronakrisis plakfynt, hat nochal wat gefolgen. Hy wurdt belle dat de operaasje net trochgean kin. Hy kin wol raze dat dy kanker no út syn liif moat. Oardel oere letter wer in telefoantsje: it kin dochs trochgean. Yn in sikehûs fol minsken mei pakken en maskers.
4 Nov 2020
It firus en Nicolien Wolfs
Nicolien Wolfs is fan Jeugdhulp Friesland. Der is foaral in soad omtinken foar de akute soarch. Mar dy earste lockdown hat seker ek effekt hân op al dy pjutten en beukers, dy't ynienen net mear nei de deibehanneling koene. Hoe hâlde je dy bern en har âlden yn byld? Nicolien betinkt wat hiel praktysk.
3 Nov 2020
It firus en Wouter van Geffen
Wouter van Geffen is longarts yn it Ljouwerter sikehûs MCL. Op syn ôfdieling sjocht hy wat wy net sjogge. Derom fynt er it fan belang syn ferhaal te fertellen. Fan alles wat er meimakket, hat er ien ferhaal makke. Oer in pear. Earst komt de man binnen mei de ambulânse, letter de frou. Sille se inoar wer sjen?
2 Nov 2020
It firus en Auke Swart
Auke Swart fan Seisbierrum ferliest syn grutte leafde Wike oan de begjin fan de earste golf. In tiid dat gjin ien del doarde te kommen om har noch by de hân te pakken en sa ôfskied te nimmen foardat se har selskeazen dea temjitte giet.
29 Oct 2020
Trailer - It Firus en Ik
'It firus en ik'. Fiif persoanlike ferhalen fan minsken oer de ympakt fan corona. Se wurkje yn de soarch of binne sels siik wurden. Ha har neiste ferlern of biede treast oan alderein dy't hielendal allinne kamen te sitten. Ferhalen dy't oars ek live ferteld wurde soene op de Verhalenavond op 6 november. Mar corona makket alles oars dit jier. Omrop Fryslân tekent in seleksje fan de ferhalen op yn de podcastrige 'It firus en ik'.
Contact It firus en ik
Guest appearances
Books guests
Based on episode analysis; this does not confirm that the show is currently accepting guests.
Host of It firus en ik?
Claim your podcast to manage its listing and keep your show details accurate.
Pod Engine is an independent podcast discovery and analytics service and is not affiliated with or endorsed by this podcast. Artwork and show content belong to their owners. Full legal notice.
Explore this show Podcast research with Pod Engine