Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
#358: Joey van den Berg wol trainer wurde, Courtens is it grutste talint fan Hearrenfean en de derby is "echt spesjaal"
Joey van den Berg is te gast yn de Sportcast. Hy fertelt oer wat hy no docht as talintentrainer by sc Hearrenfean. Hy jout ta dat er miskien toch wol oait yn de takomst trainer wurde wol. Hy fertelt ek oer syn perioade ûnder Marco van Basten, syn tiid as fuotballer en hy leit út wêrom Nolhan Courtens sa goed is. En we belje mei Luuk Brouwers yn Syprus.
28 Sept 2026
#357: Billy is bang, Diemers hat in nije klup en Meerdink skoart alle penalty's
Billy van Duijl is in grut talint fan AZ Alkmaar, mar makke foar in jier de oerstap nei Cambuur. Wat hopet hy te berikken en wêrom woe hy sa graach nei Ljouwert komme? De 20-jierrige ferdediger is te gast yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Mark Diemers hat nei moannen fan wachtsjen in nije klup en spile al foar De Graafschap. Wy belje mei him om te hearren hoe hy werom sjocht op de moannen sûnder Cambuur.
21 Sept 2026
#356: It Linday-effekt, de balâns nei blok ien en hurde wyn, jasses by ADO-Cambuur
Sportklup Hearrenfean wûn mei klinkende sifers fan Sparta Rotterdam (0-4), mei troch de weromkear fan Marcus Linday. It gefolch wie lykwols dat Ringo Meerveld op de bank siet. Wat betsjut dit foar him? SC Cambuur bleaun foar de tredde wedstriid op rige sûnder ferlies troch in lykspul (1-1) by ADO Den Haag. De ûntwikkeling fan de Ljouwerters makket dat der entûsjasme is oer de kânsen op hânhavening. Te gast is fuotbaltrainer René van der Weij fan HHC Hardenberg, dy't noch altyd syn profdream neistribbet. Yn it ramt dêrfan sil er op staazje by ûnder oaren FC Emmen en TOP Oss.
Reach and audience
Public platform figures. Ratings count people who left a rating, not total listeners.
Apple Podcasts (US)
4.0 / 5
1 ratings
Spotify
4.5 / 5
130 ratings
Contact Sportcast
Guest appearances
Books guests
Based on episode analysis; this does not confirm that the show is currently accepting guests.
Pod Engine is an independent podcast discovery and analytics service and is not affiliated with or endorsed by this podcast. Artwork and show content belong to their owners. Full legal notice.
Explore this show Podcast research with Pod Engine